Aantekeningen |
- XI. DE HUSHAFDING FAN RIENCK JENCKESEN MAYKE ALBERTS TO JIRNSUM.
Rienck fan Jenclæ A e r n s wie b e r n e o m s t r . 1586 en is f o r s t o a r n yn 1670 to
J i r n s u m , d e r ' t hy buorke op nr, 16. De bern, dy't de biskriuwing fregen op 14
m a e r t 1670, binne 10 yn tal. Heit wie ek a d m i n i s t r a t e u r en doarpsûntfanger.
Neffens syn hânskrift koe er goed m e i de pinne omgean. Yn 1610 wie hy al troud
m e i Maaike Alberts. Hja keapje yn dat j i e r in heal hûs yn de Boarnbuorren; yn
1615 keapje hja in hûs op de Dyk, foar 300 goudgoune. Nei de dea fan syn âldste
b r o e r Jan yn 1632 keapet hy de pleats, d e r ' t dy op buorke Me, mei ''de ontruy-
ming der landen".
De 10 bern folgje hjir:
Jencke Riencks, troud 1 juny 1643 ( R a e r d e r h i m P 1) m e i J e t s Bootedr. Nij-
dam. Trije soannen binne my bikend: Jacob, Albert en Jan J e n c k e s . De l é s t e
is net troud; syn erven wiene Albert Jenckes (syn broer) en Rienck Jacobs (de
soan fan Jacob Jenckes by Hylck Yges - sjoch L 6, fol. 194). Dizze wennen to
J i r n s u m . Albert Jenckes troude 8 april 1688 mei Auck J a n s , Rienck Jacobs 20
maeije 1709 mei Geertie fan F r e e r c k Wabes.
Albert Riencks troude yn 1646 mei Aef Cornelis fan Fenhuisen yn Noard-
Hollân. L e t t e r wenje hja to Blokker. Hja liene wol jild oan de famylje yn F r y s -
lân, lyk as út de hypotheekboeken blykt. . Neiteam my noch net bikend.
Jacob Riencks, my f i e r d e r noch net bikend.
Tiebbe Riencks, troud 14 a p r i l 1660 mei Jouck fan Wabe Hiddes, s u s t e r fan
Hidde, F r e e r c k en Jan Wabes. Tiebbe is net âld wurden. Neiteam my net b i -
kend.
Antie Riencks wie yn 1670 al widdou fan Jacob Siuckx.
Geertie Riencks, troud mei Sybren Cornelis, dy't him (L 2, fol. 205) Sy-
b r a n t C o r n e l i s s e skriuwt, hwat m e a r hollânsk liket as frysk.
Tryntie Riencks is troud m e i Lieuwe H a r c k e s fan Goutum.
Sybrich Riencks is troud m e i Symen Douwes to J i r n s u m .
Hil Riencks wie al stoarn fóár har heit; hja hie troud west m e i Marten Jou-
ckes. (Har dochter J e t s Martens - doe al troud m e i Melle Wouters - kaem om
to ervjen fan pake. )
E v e r t Riencks, de jongste soan, wie ek al e a r d e r wei as heit. Foud oer syn
b e r n wie Hette D i r c k s . Neiteam folget.
XII. DE HUSHALDING F"AN EVERT RIENCKS EN TRYNTJE JANS OP MARS-
HORNE.
Der is ek in y n v e n t a r i s a e s j e b i w a r r e fan E v e r t R i e n c k s en Tryntje J a n s , da-
t e a r r e 20 maeije 1681 (dat s i l n e i it f o r s t j e r r e n f a n de widdou west hawwe). Hja
wie in dochter fan Jan Jacobs en Bycke Byckes. H a r r e n pleats stie ûnder P o p -
penwier, n r . 12, op de hoeke fan '"Meershuizen". It âlde hûs is foar in foech
50 j i e r ôfbrutsen en it h ú s s t é is forgroeven. Hja binne troud 29 nov. 1652. De
bern, dy't yn de akte (L 4, fol. 152) opneamd wurde, binne:
Jan E v e r t s , doarpsfolmacht fan Poppenwier yn 1685. Syn soan E v e r t Jans wie
sahwat skepper en s k r i u w e r yn Hidaerd, d e r ' t er ek diaken, âlderling en d o a r p s -
ûntfanger west hat. Hy hie in soan S y b r e n E v e r t s , d e r ' t ik f i e r d e r s net folie fan wit.
Jacob E v e r t s hat skuonmakker west to D r y l t s en troude m e i Sioucke Hen-
d r i k s fan E a s t e r e i n , d e r ' t hja p r o k l a m e a r r e binne, lyk as to D r y l t s . It houlik
is bifêstige 27 febr. 16 87 to Poppenwier. Der is i n t e s t a m i n t fan him fan 9 april
1724. Hja hiene ien dochter, T r y n t i e J a c o b s , troud m e i Abraham Huberts (Rek-
ker), b o a r g e r en keapman to Snits. Hiene hja gjin bern, dy't boppe de 15 j i e r
kamen, dan forerfde heit syn bisit op syn neiste bloed, lyk as blykber bard is
(sjoch EEE 7, fol. 249). Hy hie in pleats ûnder Heech, in healen to Easthim,
22 pounsmiet to Goaijingeamieden neamd "Klein O e t s m a " ( d e r ' t G e r r y t Anskes
op wenne) en noch in stik lân yn de Ringmiede yn it P o p p e n w i e r s t e r fjild (brûkt
by H a r n s A e r n s op F l â n s u m ) .
Albert E v e r t s , hwa syn húshâlding bihannele wurdt yn haedstik XIII.
Jentie E v e r t s . folget m e i syn húshâlding yn haedstik XVII.
Maycke E v e r t s , troud m e i Douwe Meinerts to E a s t e r w i e r r u m . N . B . Mayke
Douwes brûkt 1698 Poppenwier nr, 12, de pleats, d e r ' t heit ek buorke hie.
Bijcke E v e r t s , d e r ' t P i e t e r Hendriks fan T e r s o a l doedestiids (1681) noch
k u r a t o r oer wie. Hja troude yn 1684 m e i G e r r y t Anskes. F a n h a r r e n neiteam
kin de a. t. s. -genealooch S. G. Alberda m e a r fortelle.
By de forkeaping yn 1743 (Wymbr. T 1, fol. 249) fan in stik lân fan Jacob
E v e r t s fan Drylts s i l g e r wurde wy hwat gewaer oer de wenplakken fan de e r -
ven: Bijcke E v e r t s wenne doe to Goaijingea as widdou fan G e r r y t Anskes; E v e r t
J a n s to Hidaerd; SyboltDouwes to E a s t e r e i n , GerbenDouwes to Wolsum, E v e r t ,
Rienck en Douwtje Douwes to Wytgaerd (dit sille b e r n wêze fan Maycke E v e r t s
by Douwe Meinerts); Gerben fan Jentie E v e r t s wenne to Toppenhuzem Tryntie
J e n t i e s widdou fan Albert G e e r t s to Roardahuzum, Claaske Jenties widdou fan
Douwe G e e r t s to Sibrandabuorren, d e r ' t Sjoerd Jenties ek forkearde; J e l l e J e n -
ties wenne doe noch to Langwar, E v e r t Alberts to R a e r d (Rauwerd), Tryntie
A l b e r t s to Grou en Rienck Alberts to'Roardahuzum. Tryntie fan Jentie E v e r t s ,
widdou fan Albert G e e r t s , koft de heale pleats to E a s t h i m yn de Slotskrite m e i
12 pounsmiet oer de B o a l s e r t e r feart (de pleats waerd doe brûkt troch Andries
H a r m e n s widdou; de oare helte wie yn eigendom by Ebe Cornelis Bekker to
Drylts). Deselde T r y n t i e keapet ek de pleats to Heech en E v e r t Douwes keapet
"Klein O e t s m a "
Bron: https://www.fryske-akademy.nl/fileadmin/inhoud/beelden/homepage/Kennis/Gen_Jierboek/GJ_1967.pdf
- Mar sa't it by de genealogy gauris giet: op in goede dei foun ik hwer't ik net
om socht. Ik socht nei de Stonebrinks op it Bildt en foun dat keapman Harrent
Pieters om 1660 hinnelân forhierde to Poppenwier oan in boer dy't EvertRienks
hytte. Neffens de tiid koe dat de heit fan Albert Everts wêze, dy't ek in soan
Rienck hie. En ja, der stie yn de weesboeken fan Raerderhim in ynventàris fan
Evert Riencks, der't de bern yn neamd waerden. Fan dy syn heit wie ek in yn-
ventàris biwarre bleaun. Dat wie Rienck Jenckes fan Jirnsum, dy't ek op it
stimkohier fan 1640 to finen is - as boer op nr. 16 - al stiet der dan ek in
printflater: Rienck Tenckes.
Fierder ûndersyk levere ek noch de ynventàris fan syn heit op, dy't yn 1606
forstoarn is: Jencke Aerns, troud west mei Anna Dircksdr. Hy wie ek to finen
yn de "Geestelijke opbrengsten van Oostergo" en it die bliken, dat hy yn 1580
administrateur fan dy opbringsten wie foar it doarp Jirnsum. Yn it origineel
dêrfan fynt men ek syn merk oanjown: in 5-puntige stjer, dy't syn soan Willem
letter oernimt. Mooglik wie syn heit in Aernt Jans, mar út de 16e ieu binne der
oars net folie as losse gegevens oerbleaun, der't net alles mei to biwizen is
Bron: https://www.fryske-akademy.nl/fileadmin/inhoud/beelden/homepage/Kennis/Gen_Jierboek/GJ_1967.pdf
|